Jeugd spilet K.R.I.S.I.S.-kamp
CultuurNei de spannende premjêre stekke alle jonge toanielspilers de roazen dy’t se krigen bliid de loft yn. It Iepenlofspul fan Masquerade Theater wie, nettsjinsteande de rein dy’t op twa fan ‘e trije jûnen it waarbyld bepaalde, tige slagge. (Ingezonden foto)
Jeugd spilet
K.R.I.S.I.S.-kamp
KOLLUMERSWEACH – Op 4, 5 en 6 july waard it iepenloftspul K.R.I.S.I.S.-kamp spile troch Masquerade Theater op in bysûndere lokaasje: de eksposysjetún fan Foekje van Seggeren yn Kollumersweach.
In entûsjaste groep jeugd yn de leeftiid fan 12 oant 18 jier hat yn 2013 Teaterselskip ‘Masquerade Theater’ oprjochte, omdat se allegear hâlde fan muzyk, dûns en
toanielspyljen.
Nei oanlieding fan ymprovisaasjes waard dúdlik wat der libbet ûnder de jeugd en mei dy gegevens hat Bianca Wiersma it stik ‘K.R.I.S.I.S. kamp’ skreaun, dat sy ek regissearret. Ien fan de jeugdleden, Vera van Lierop, hie spesjaal foar dizze foarstelling de ferskes en de muzyk skreaun en begeliede de sjongers op keyboard. It bestjoer bestiet ek út jeugd en mei-inoar ha se de organisaasje op har naam. Mei stipe fan âlders en sponsoren wie it mooglik om dizze foarstellingen te meitsjen.
‘K.R.I.S.I.S. kamp’ is dus fan jeugd, foar jeugd en troch jeugd.
It stik naam it publyk mei nei in kamp dat ynspirearre is op it Amerikaanske bootcamp. Dick Tator is de organisator fan dit kamp en wol fan de Fryske taal de nije wrâldtaal meitsje.