50 jaar wonen in hetzelfde huis in Burgum
NieuwsJikke van den Beukel-Scheffer bij haar uilenverzameling in het huis waar ze al vijftig jaar woont. (Foto: Klaas Rozema)
Jikke van den Beukel-Scheffer woont al vijftig jaar in hetzelfde huis in Burgum
“Ik haw hjir lief en leed meimakke”
BURGUM – Al vijftig jaar woont Jikke van den Beukel-Scheffer (78) in haar huis aan de J.D. de Vriesstraat in Burgum. “It hûs past as in jas om my hinne.” Heel belangrijk, want vijf jaar geleden werd ze plotseling blind.
Ze kon maar beter ergens anders gaan wonen, kreeg Jikke van den Beukel-Scheffer als advies. “Fan de iene op de oare dei wie ik blyn wurden”, zegt ze. Trombose; haar halsslagader bleek zo goed als dicht. “It hie in harsenynfarkt wêze kind, mar it propke is presys yn myn each sketten. En oan it oare each bin ik al blyn fan de geboarte ôf.”
Het is niet dat ze helemaal niets meer ziet: “Ik sjoch skimmen. Lykas’t troch in dikke mist sjochst.“ Ze kan toch nog lezen, met een loep die tot tien keer vergroot. Ook mails versturen en boodschappen doen doet ze zelf. “Uterlik sjochst niks oan my.” Een aangepast huis was het beste, werd gezegd. “Mar de húsarts sei: ’Jo moatte hjir net weigean’.” Ze kent het huis op haar duimpje en dat is voor haar een voordeel. “Ik kin de trep blinelings op en ôf. Ik kin mysels hjir hiel goed rêde en ik sied myn eigen iten.” Dus bleef ze.
Dat ze ondanks haar blindheid zo zelfstandig is, ging niet vanzelf. “Ik haw hiel wat panyske oanfallen hân. Gelokkich wennet myn dochter hjir yn it doarp. Dêr haw ik in hiel protte steun oan.” Ze revalideerde onder begeleiding en voelt zich nu een stuk zekerder. “Ik bin ien dy’t hâldt fan útdagingen.”
Dat blijkt wel: ondanks haar blindheid en haar leeftijd ging ze zelfs abseilen met een groep blinden en slechtzienden. “Wy hawwe in hiele dei op in berch yn’e snie west. Dêr moasten wy allegear opdrachtsjes dwaan, lykas yn in hol ûnder de grûn krûpe. Ik wie de âldste en ik wist net oft abseilen wol wat foar my wêze soe, mar ik krige allegear posityf kommintaar fan de oaren.”
Eenmaal weer terug in haar oude vertrouwde huisje is het prettig. En is er iets, dan kan Jikke van den Beukel-Scheffer altijd bij haar buren terecht. “De famylje Van der Meer is echt geweldich. At ik wat kwyt bin, dan belje ik even en dan komme se om my te helpen as it kin.”
Zo ook laatst, toen mevrouw Van den Beukel een glas omstootte en haar vloer vol scherven lag. “It wie tsjin alve oere jûns. Dat fyn ik wol ris muoilik, datst it dan net efkes sels dwaan kinst.” Niettemin is ze erg blij met de hulp die ze krijgt. Wekelijks gaat ze sporten met dochter Ingrid en met haar gaat ze ook geregeld winkelen.
Met een vriendin fietst ze op een tandem en ze onderneemt dingen met de blindenvereniging. “De wil is der wol. Ik bin út in djippe put sleept en dat is slagge. Ik wól ek leuke dingen dwaan, foar safier ‘t dy mooglik binne. En dat slagget aardich.” Mevrouw Van den Beukel-Scheffer is gehecht aan haar huis. “Myn bern binne hjir opgroeid, myn dochter is hjir geboaren.” Met haar man Frits, die vijftien jaar geleden overleed, kwam ze er in 1963 wonen.
“Myn man wie yn militêre tsjinst op in skip, mar dêr kaam hy troch omstannichheden ôf. Doe binne wy út Den Haach wei hjir kaam, yn de strenge winter.” Negen maanden lang woonden ze bij Jikkes ouders, daarna kochten ze het huis aan de J.D. de Vriesstraat. “Myn man koe oan it wurk by it stiellistefabryk. Mar moatst in man dy’t fearn hat, net opslute. Dêrnei hat hy trijentweintich jier by Transportbedriuw Van der Veen yn Burgum wurke.”
“Ik haw hjir lief en leed meimakke”, zegt ze over haar huis. “Ik hoopje dat ik hjir noch lang bliuwe kin. En dat ik dít bytsje sicht mar hâlde mei.”