Afbeelding
Foto: persmap Klun en Knoffelhakke

Klún & Knoffelhakke, Dit kin net mear!

zaterdag 6 april 2024 14:00 tot 16:00

Tsjonge, wat is der wat feroare yn de ôfrûne 25 jier. Fansels, wy binne wat kealer, grauwer en âlder wurden, mar dêr ha wy it yn ús foarige programma al oer hân… Wy bedoele eins typkes en útspraken dy’t jo oan ‘e oarder bringe kinne op it toaniel. Roke bygelyks, dat kin net mear en alhiel net op it poadium. En kinne wy alles noch wol sizze en spylje? Wy libje yn in cancel-kultuear.

Wat is it Fryske wurd eins? Ofsizze? Ofsiskultuer? Hawar, wy sille der yn programma 9 achter besykje te kommen. Gean mar mei ús mei en gean der mar is even foar siQen.

En miskien heare wy dan nei ôfrin fan jimme, tsja mannen: Dit kin net mear…

It duo Klún en Knoffelhakke beslet út de spilers Hendrik van der Heide út Hantum en Broer Douma út Dokkum. Sûnt 1994 binne se op’n paad mei harren jûnsfoljende programma’s en dat slacht oan, want Klún en Knoffelhakke binne alle wiken wol earne op in poadium te finen. Sa stadichoan komt it duo troch hiel Fryslân en oeral is it fleurich en gesellich!

De programma’s fan Klún en Knoffelhakke litte harren it bêste omskriuwe as typkeskabaret, wêryn it publyk ek net fergetten wurdt. Klún en Knoffelhakke besykje der in sjo fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen fan te meitsjen. Al dy frjemde fûgels ha op ien of oare wize te krijen mei in nuveraardich ferhaal, in reade tried, dy’t Klún en Knoffelhakke altyd yn harren foarstelling besykje te stopjen. It duo hat eins mar ien doel: de minsken in noflike jûn besoargje!

Theater De Colle / Kampus Kollum. Zaterdag 16 maart. Zaal open 13.30 uur. Tickets via www.decolle.nl