FrogRock

zaterdag 25 november 2023 21:00 tot 19:37

FROGROCK 2023

Rockaholics 

Vintage 

Froggende rockers of rockende froggers oplette! De bieten bin hast fan it lân, de barbecues op solder, de bikini’s opburchen en de koarte broeken lizze ûnderoan yn de kast. Dêrom ha wy yn Hijum wat betocht om de sinnen wer wat te fersetten! Op sneon 25 novimber is it safier FROGROCK stiet op it punt om it doarpshús yn Hijum wer om te toverjen yn in dampende en kikkerbillen stampende feestseal. Fan 21:00 oere ôf binnen de doarren iepen om jong en âld genietsje te litten fan de fantastyske rockmuzyk fan Vintage en  Rockaholics. Yn dizze donkere dagen foar kryst is it yn Hijum te finen en wol oan de Skoallestrjitte 9. Betink jo dus noch minder as in heale sekonde en derfoar mei de boar! Meitsje jim klear foar in ûnhuerichst gesellich, de pan út swingend, de bûsen út de broek wei dûnsjend en in aldermachtichst ûnferjitlik spektakel wat wy al mear as 25 jier foar jim gearstalle. Wy ha in bewaakte garderôbe, bûten in patatsje of in heal of hiel hintsje, mar eltsenien wit dat it binnen te finen is, dêrom wês wolkom! FROGROCK 25 novimber fan 21:00 oere ôf! oan’t dan! En ûnthâld: Frogrock till you drop (en at je droppe dan bin der tal fan freonlike frywilligers dy’t jo wer oerein helpe om fierder te feesten)