Lees exclusieve artikelen uit de regio. Word Pro-Actief
Logo

Bel 0511-461294

  • Alles
  • (2)
    Lezingen
  • (26)
    Sport
  • (4)
    Theater
  • (2)
    Expositie
  • (34)
    Natuur
  • (31)
    Evenement
  • (10)
    Muziek

Beachbarren in Eastermar

zaterdag 21 augustus 14:00 uur

Foto: www.eastermar.nl

It Beachbarren is ien fan de moaie tradysjes yn Eastermar. Smyt in bulte sân op it Breed, meitsje in tal fjilden, de organisaasje yn in gek Hawaïshirt, de bal yn it fjild en spylje.

Ferline jier koe it troch Corona net trochgean. Mar der stiet no neat mear yn de wei om it dit jier wer te hâlden. Wy binne útkaam op saterdei 21 augustus fan in oere of twa ôf. Op oare plakken yn it doarp is it miskien nofliker te organisearjen, mar wy wolle op it Breed bliuwe. Dêrom ferskowe wy, yn oerlis mei de hoareka, in tal betonblokken en dan moat it mooglik wêze om twa fjilden yn te rjochtsjen.

Dus: helje wer in team by elkoar (14+ en minstens twa froulju yn it fjild), betink in namme en benaderje ien fan de Beachboys en set jimme op de list. 16 teams is sa’n bytsje de maks en fol is fol, dus wachtsje net te lang. Wy rekkenje op in moai toernoai.


deel deze activiteit

Locatie

It Breed
Eastermar
Elte Martens Beimastrjitte 40