Afbeelding
Foto:

Iepenloftspul Burgum spilet yn maaie 2024
de famyljefoarstelling Kening & Kening

Iepenloftspul Burgum spilet yn maaie 2024 de famyljefoarstelling Kening & Kening. It ferhaal is yn 2000 as berneboekje skreaun troch Stern Nijland en Burgumer Linda de Haan. It boekje is ûnderwilens yn binnen- en bûtenlân yn 12 talen útkommen en is hjoeddedei noch altyd aktueel. It ferhaal is bewurke ta in iepenloftspul troch regisseur Theo Smedes.

It Ferhaal 

It ferhaal giet oer in keninginne dy’t eins wol mei pensjoen wol. Mar har soan de prins is noch net trout en hy hat ek noch gjin partner. Der komme allegearre prinsessen op sicht dêr’t de prins ien fan útsykje kin. Sil der in geskikte by sitte? As falt de prins net op froulju?

Lokaasje

Dit alles spilet sich ôf op in prachtich plakje by de Engie Sintrale Burgum. Dêr leit in lyts keninkrykje ferskûle oan de râne fan de Burgumer Mar.

Spyldata

Wurde jo nijsgjirrich? Dan net stinne mar der hinne!! Jo kinne kaarten bestelle fia de webside fan www.iepenloftspul.nl

De spyldata binne: 23 maaie tryout - 24 maaie première (útferkocht) - 25 maaie - 26 maaie matinee foarstelling - 30 maaie - 31 maaie en 1 juny