MRV Tesselschade "hellet alles út 'e kast"

Cultuur


HURDEGARYP - Toanielselskip MRV Tesselschade bringt fan saterdei 20 jannewaris ôf seis kear it stik 'Ensemble'. It is in fleurige, meartalige bewurking fan regisseur Annie Veenstra fan 'A chorus of disapproval' fan Alan Ayckbourn. Jo sjogge achter de skermen fan teaterselskip 'STOFA'.

Troch Gerrit van der Meer

Der wurdt wakker repetearre foar 'De Bedelaarsopera': in Nederlânsktalige ferzje fan de 'Beggar's Opera' fan John Gay (1728). Dan docht al gau bliken dat de spilers grutte likenis fertoane mei de rolfigueren út dizze opera. It ropt de fraach op oft de spilers toaniel en werklikheid witte te skieden, en oft se ûnder lieding fan in ambisjeuze regisseur in slagge produksje meitsje kinne.

Foarige simmer sette Annie Veenstra al út ein mei it skriuwen. "Ik ha út ferskate bewurkings fan 'De Bedelaarsopera' sênes brûkt, ûnder oare út de 'Dreigroschenoper' fan Bertolt Brecht en Kurt Weill, en ek út it stik 'Macky Messer' dat ik tegearre mei Bertus Klazenga skreau foar it Iepenloftspul Burgum."

Nei oanlieding fan 'Kulturele Haadstêd 2018' woe sy perfoarst net kalm oan dwaan. "Guon amateurselskippen en iepenloftspullen sizze: 'Wy slane mar in jier oer, want der is al safolle te dwaan fan 't jier'. Wy wolle krekt útpakke mei wat bysûnders. Wy helje alles út 'e kast!" Sa binne der bygelyks mear spilers as ea - tolve - en dy spylje meiïnoar ek nochris in fjirtich rollen. "In echte haadrol is der net, mar guon spilers foarmje wol in reade line yn it stik", leit Veenstra út. Bysûnder is ek dat it meartalich is. "Frysk, Nederlânsk en ek in bytsje Ingelsk, Dútsk en Italiaansk, mei in knypeach nei LF2018."

Bysûnder is ek dat fan de tolve spilers de helte nij is. Ien fan de jonge, nije spilers komt út Hurdegaryp: Janke-Rixt van der Kooi. "De measten komme rûnom wei, bygelyks fan Wergea, Snits en Wommels. Wy repetearje no seker trije kear wyks." It grutste part fan it stik wurdt der praten, mar omt it in bewurking is fan in opera, wurdt der ek yn songen. De opera wie yn de earste helte fan de 18e iuw in fernijende teaterproduksje, want dy gie no ris net oer keningen, prinsen en oare (rike) lju, mar oer bidlers, hoerkes, poaiers en dieven. Bertolt Brecht makke der yn 1928 in wat belearjende 'Dreigroschenoper' fan, fynt Annie Veenstra. "Fan dat belearjende moat ik neat ha. Sjoch earst mar ris nei dysels. Nee, it is in komeedzje mei kluchtige fragminten."

It wurdt ek in relatyf djoere produksje, skat Veenstra yn. "Mear spilers as ea en in hiel soad rollen, dan binne ek in hiel soad klean nedich. Boppedat hawwe wy de reklame en de kaartferkeap út hannen jûn oan Vanplan.nl, en spylje wy foar it earst mei 'headphones'. Hooplik krije wy alle jûnen folle sealen."

De spyldata binne: sneon 20, freed 26, sneon 27 en snein 28 jannewaris, freed 2 en sneon 3 febrewaris. Op de sneins nei begjint it alle keare jûns 20.00 oere yn It Maskelyn yn Hurdegaryp en sneins om 14.30 oere. De foarferkeap begjint sneon 13 jannewaris, 14.00 oere. Sjoch ek: www.itmaskelyn.nl en foar kaarten: www.vanplan.nl.

Actueel

Theatervereniging in Oudega speelt
Theatervereniging "op e nij Bigoun" uit Oudega speelt de komedie met de titel "Ut" van Nick Hall Algemeen 14 minuten geleden
De inzittenden konden in de voorbijvarende boot klimmen
Bestelbus belandt in Stroobossertrekvaart Algemeen 27 minuten geleden
Fietser gewond na botsing met voetganger
Fietser gewond na botsing met voetganger Algemeen 38 minuten geleden
Kom met z'n allen paaseieren zoeken bij Glinstra State.
Paaseieren zoeken bij Glinstra State Algemeen 41 minuten geleden
Wethouder Berber van Zandbergen bedankt energiecoach Jarno Steringa voor zijn inzet.
Energietour succesvol afgesloten in Gytsjerk Algemeen 1 uur geleden
Wethouder Berber van Zandbergen geeft het startschot voor het programma Doortrappen Feiliger Fytse.
Doortrappenseizoen feestelijk van start gegaan in Oentsjerk Algemeen 1 uur geleden
Kom op zaterdag 30 maart naar het tennispark De Folgeren in Drachten
Open Tennis- en Padeldag bij DLTC Drachten Algemeen 2 uur geleden
Presentatie Dokkum Magazine
Nieuwe initiatieven komen samen tijdens oploop Promotie Dokkum Algemeen 2 uur geleden
WOL - Natuurlijke Vezels
Ga paasmaandag op wollige kraamvisite Algemeen 3 uur geleden
Ik wol in bosk op 'e jierdei!
Nij ferskynd by Utjouwerij Afûk: 'Ik wol in bosk op 'e jierdei' Algemeen 4 uur geleden
© Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen
foto dd 24-03-2024

Nes

GGZ AFUK
Theaterkerk

Presentatie magazine Taal yn ‘e soarch
Eerste Rede foar de geast én presentatie magazine over taal in de zorg Brok: 'Taal is de kaai ta goeie soarch' Algemeen 5 uur geleden
Steeds meer mensen positief over openbaar vervoer in Friesland
Reizigers positief over bus- en treinvervoer in Fryslân Algemeen 6 uur geleden
Op vrijdag 5 april treed Omniband op in Rottevalle
Omniband met 'Hé, gezellig' Algemeen 7 uur geleden
Tijdens het 100-jarig jubileum van CMV Concordia trad onder andere Thirza op
100-jarig jubileum van brassband Concordia uit Wânswert Algemeen 7 uur geleden
Geslaagd 1e Kollum Open Padel weekendtoernooi
Geslaagd 1e Kollum Open Padel weekendtoernooi Algemeen 8 uur geleden
De start van de campagne
Campagne Doortrappen feestelijk van start Algemeen 23 uur geleden