Toanielferiening Hallum spilet ‘Pensjon fan lichte seden
CultuurHALLUM – Wat letter yn ’t jier as de gewoante is, bringt toanielferiening ‘Foar ús wille’ yn Hallum it blijspul ‘Pensjon fan lichte seden’. Op freed 12 en sneon 13 maaie wurdt it spile.
Oer de ynhâld fan it stik: Betty en Kor beslute om op in hûs te passen. As der ynienen allegear frjemde gasten yn it hûs steane dy’t reservearre hawwe, wurdt it stadichoan dúdlik dat it hûs in fegetarysk pensjon foar spirituele libbenshâlding is. Wannear’t der magnetisearre én massearre wurde moat, binne de tûkelteammen net mear te tellen...
Sitaten
Sjoch inkele sitaten út it stik: "Wisto dat ik no al net mear sûnder dy libje kin?" "Wolsto in stapke tebek dwaan?" "Ik speelde alleen op de piano." "Jo wiene bjusterbaarlik!" "Wat dogge jimme yn 'e goedichheid?!" "Witte jo dat der in hiel waarme strieling fan jo útgiet?" "Ik wit net wat my oerkomt." "Het lijkt wel of je onder stroom staat." "Mei it pensjon fan Betty en Kor." "Fjirtjin dagen heal pensjon mei daagliks in yntinsive massaazje."
De skriuwer fan it stik is Carl Slotboom. De rezjy is yn hannen fan Lucas de Blécourt. Beide jûnen begjint de foarstelling om 20.00 oere, yn MFC It Trefpunt yn Hallum. Sneontejûn is der nei ôfrin muzyk fan Noovids.