Logo actiefonline.nl

‘Op 'e didel mei Dam Jaarsma’

  Cultuur

Ferhalen en muzyk út ’e WâldenBURGUM - In hiel bysûndere jûn fol ferhalen, muzyk en feiten oer ien fan de ferneamste samlers fan folksferhalen út Nederlân: woansdei 8 febrewaris yn De Pleats yn Burgum. It folsleine ferhaal om Dam Jaarsma hinne, yn 't Frysk en Nederlânsk.

De betûfte ferteller Douwe Kootstra lit prachtige (nije!) priuwkes hearre út Jaarsma syn enoarme skatkiste, fol fan de meast nuveraardige folksferhalen út eastlik Fryslân. En Iris Rusz fan Stichting Dam Jaarsma jout yn wurd èn byld op oansprekkende wize ynformaasje oer dizze singeliere Eastermarder.
As ôfwikseling sjonge Sytse Wilkens en Ate de Boer in tal teksten fan Jaarsma. Dy hawwe sy spesjaal op muzyk set. It gedicht Allinne op harren muzyk soarget bygelyks foar pikefel. De muzikanten, mei kontrabas en gitaar, litte ek oare sankjes út 'e Fryske Wâlden hearre.

Dam Jaarsma wie ynwenner fan Eastermar, eareboarger fan Tytsjerksteradiel en winner fan de Rely Jorritsmapriis. Hy hat wichtich wurk fersetten: rom fyftjintûzen folksferhalen samle, meast út de Fryske Wâlden. Lykwols is er by it grutte publyk noch amper bekend. Hoe ’t dat kin? Ek dat wurdt op dizze jûn yn De Pleats yn Burgum dúdlik makke.
It wurdt in fleurige, twatalige jûn fol ôfwikseling. Yn dizze gearstalling boppedat noch net earder fertoand!

De Pleats, Schoolstraat 82, Burgum, woansdei 8 febrewaris, fan 20.15 oere ôf. Tagong: tsien euro. Reservearje: www.cultuurindepleats.nl of op tel. 0511-461556.

Meer berichten
 

Nieuws uit Tytsjerksteradiel

Nipt verlies Vlug & Vaardig tegen Sparta
23/11
Woensdag 29 november: Seminar met ds. Henk Poot
23/11
Nieuwe sporthal in Burgum op dezelfde plek
22/11
Sinterklaasspektakel op Bulthuisplein in Burgum
22/11
Henk van Dijk (VEL): "Leafst gjin wolven"
21/11
Zantman Makelaardij verhuist!
16/11
Jansma Wonen heeft nieuwe 'Luxaflex-shop'
15/11
BBC Voetbalschool: "De beste trainer ben je zelf!"
15/11
25 jaar Wereldwinkel De Oare Wrâld in Burgum
15/11
Boek 'Gedeeld Verleden' & Filmpremière '0-100'
14/11
Meer nieuws uit Tytsjerksteradiel >

Nieuwsoverzicht

Meer berichten